Nog 11 maanden, 27 dagen, 4 uren, 43 minuten en 5 seconden.

Oerpolderloop

Yn ‘e iere maaitiid
rint dizze polder Oer
fan fruchtbere geuren,
se wurde ien mei de ûntjouwende natûr

Lichtfuottich sykje dravers
mei wite skuon op swarte grûn yn ‘t skaad
fan dong- en jarrebakken lafearjend,
mei ynmoed harren paad

Yn ‘e fierte winket de hikke.
O, mocht myn namme dêr ris ynstean…
Dan maal ik net om stank en smoarge fuotten
want foar de oerwinning sil ik dwars troch alles gean!

Sofietje

Bron

Plaats een reactie